Prayers & Meditations
Western Frisian ·
*(Naw-Rúz, 21 maart, de earste dei fan it Bahá’í jier, is in dei fan freugde)
Priizge binne Jo, o myn God, dat Jo Naw-Rúz ynsteld hawwe as in feestdei foar harren dy’t de fêste neikommen binne út leafde foar Jo en harren ûnthâlden hawwe fan al wat Jo wearzget. Stean ta, o myn Hear, dat it fjoer fan Jo leafde en de gloede, feroarsake troch de fan Jo opleine fêste, harren foar Jo Saak ûntflamje litte mei en lit harren dwaande wêze Jo te earjen en te betinken. Om’t Jo harren toaid hawwe, o myn Hear, mei it sieraad fan de fan Jo foarskreaune fêste, toai harren allyksa mei it sieraad fan Jo oanfurdiging troch Jo genede en goederjouske geunst. Want it dwaan en litten fan de minsken is hielendal ôfhinklik fan Jo wolbehagen en is troch Jo gebod bepaald. Bywannear’t Jo him dy’t de fêste brutsen hat beskôgje as ien dy’t him hâlden hat, sil dizze minske rekkene wurde ta harren dy’t yn alle ivichheid de fêste hâlden hawwe. En bywannear’t Jo befelje, dat hy dy’t de fêste hâlden hat him brutsen hat, sil dy minske rekkene wurde ta harren dy’t oarsaak west hawwe fan it mei túch besmoargjen fan it Kleed fan Jo iepenbiering en dy’t fier ferwidere binne fan de kristalkleare wetters fan dizze libbene Boarne. Jo binne Dejinge troch wa’t it findel: “Pryslik binne Jo yn Jo wurken” heve is en de standert: “Opfolge wurde Jo yn Jo gebod” ûntrôle is. Meitsje Jo steat bekend, o myn God, oan Jo tsjinners, dat hja gewaar wurde meie dat de treflikheid fan alle dingen ôfhinklik is fan Jo gebod en Jo wurd, en it nut fan elke hanneling ôfhinklik is fan Jo ferlof en it wolbehagen fan Jo wil, en dat hja erkenne meie dat de leien fan de hannelingen fan de minsken yn de greep lizze fan Jo goedkarring en Jo gebod. Meitsje dit bekend oan harren, dat perfoarst neat harren útslute sil fan Jo Skientme, yn dizze dagen dér’t Christus yn útropt: “Alle hearskippij is oan Jo, o Jo de Oansetter fan de Geast*”, en Jo Freon** útropt: “Gloarje is oan Jo, o Jo de Leafste, want Jo hawwe Jo Skientme oan’t ljocht brocht en Jo hawwe foar Jo útkarden delskreaun wat harren yn steat stelle sil de sit te berikken fan de iepenbiering fan Jo Grutste Namme, dêr’t alle minsken troch lamentearren, behalve hja dy’t harren ûnthecht hawwe fan alles útsein Jo en harren keard hawwe ta Him dy’t de Iepenbierder is fan Josels en de Manifestaasje fan Jo eigenskippen”. Hy dy’t Jo Tûke is, en allegearre dy’t mei Jo binne, o myn Hear, hawwe op dizze dei in ein, makke oan harren fêste, nei’t hja it neikommnen binne, binnen de grinzen fan Jo hôf en yn ynlikst ferlangst om Jo te haagjen. Bestimme Jo foar him, en foar harren, en foar allegearre dy’t yn dizze dagen Jo oanwêzigens berikt hawwe al it goede dat Jo yn Jo boek beskikt hawwe. Jou harren dan, wat harren te’n goede komme sil sawol yn dit libben as yn it libben hjirnei. Jo, yn wierheid, binne de Alwittende, de Alwize.
- Jezus ** Mohammed
O myn God! Dit is Jins tsjinneres en de dochter fan Jins tsjinneres, dy’t yn Jo en yn Jins tekens leauwt en dy’t har antlit nei Jo takeard hat, folslein frij fan alles bûten Jo. Jo binne wierliken fan al dyjingen dy’t erbarming toane de barmhertichste. Doch mei har, o Jo Dy’t de sûnden fan de minsken ferjout en Dy’t harren lekken en brekken net acht slacht, nei’t it de himel fan Jins lankmoedigens en de oseaan fan Jins genede past. Nim har op yn it ryk fan Jins genede, dy’t alles te boppe giet en dy’t al foar de skepping fan himel en ierde bestie. Der is gjin God as Jo, de Jimmeroan-Ferjaande, de Grutmoedichste.
Alláh’u’Abhá. Wierliken, wy allegearre bidde God oan. (19 x) Alláh’u’Abhá. Wierliken, wy allegearre bûge ús foar God. (19 x) Alláh’u’Abhá. Wierliken, wy allegearre hawwe ús oan God wijd. (19 x) Alláh’u’Abhá. Wierliken, wy allegearre loovje God. (19 x) Alláh’u’Abhá. Wierliken, wy allegearre tankje God. (19 x) Alláh’u’Abhá. Wierliken, wy allegearre binne geduldich yn God. (19 x)